De Vries fjirde yn alfde maraton

© Omrop Fryslân
Jeroen de Vries fan Sint Nyk is sneon fjirde wurden by de alfde maraton foar de KNSB/Essent-beker. De Vries einige yn Alkmaar nei Jan Maarten Heideman, Frederic Michaud en Roel van Hest. Yn it algemien klassemint hâlde de fjouwer deselde folchoarder oan. Heideman hat 243 punten, Michaud 224, Van Hest 154 en De Vries 149,5 punten.
By de froulju einige Petra Grimbergen fan It Hearrenfean yn de 9e maraton twad, achter Verdouw en foar Langeland.