Fûgels ûnder de oalje

28 des 2003 - 00:00

Op de strannen fan Flylân en Skylge spiele hieltyd fûgels oan dy't ûnder de oalje sitte. It is foar Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits in riedsel hoe't dat kin. Der spielt nammentlik gjin oalje oan op de strannen en de wyn is meast ôfwaaiend.

Ofrûne wike hat Rykswettersteat op de Noardsee ynspeksjes útfierd. Der binne gjin grutte oaljeflekken fûn. Ek út it ferline jier sonken skip Assi Eurolink, lekt foar safier bekend gjin oalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)