Minder Harnzer rêdingsaksjes

© Omrop Fryslân
It tal rêdings fanút it Harnzer stasjon fan de Koninklijke Nederlandse Reddingsmaatschappij is dit jier mei de helte werom rûn. De Harnzers binne goed tritich kear yn aksje kaam, wylst dat de ôfrûne jierren faak sawat sechtich kear wie.
It is dreech om hjir in ferklearring foar te finen. It moaie simmerwaar fan dit jier wurdt bygelyks neamd. Ek binne wettersporters hieltyd better tarêt foar't se it Waad opgean.