Soad fraach nei krisisopfang

© Omrop Fryslân
It tal minsken dat oankloppet by krisisopfang De Wending yn Ljouwert nimt bot ta. Yn 2001 moast it maatskiplik opfanghûs, dat mar 20 bêden telt, noch 400 minsken teloarstelle. Yn 2002 wiene dat er al 1070.
Dit jier ferwachtet plakferfangend unithaad Jannette Brinksma noch faker 'nee' ferkeapje te moatten. De minsken dy't plak sykje ha foaral te krijen mei skulden, relasjonele problemen, drugs en drank.