'Oaljekoeken yn Fryslân min'

27 des 2003 - 00:00

As je de oaljekoeketest yn it Algemeen Dagblad leauwe wolle, binne der gjin goede oaljekoeken te krijen yn Fryslân. As heechste stiet de kream fan Koopal yn Drachten. Dy stiet op it 30e plak. Dêrmei krije se noch wol in ûnfoldwaande.

De Hollandse Gebakskramen op it Snitser Martiniplein en it sintraleterrein yn Ljouwert steane 51e en 52e. Fierder binne der yn Fryslân gjin kreamen meinommen yn de test.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)