Smit fan Nieuw Rechts yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Oprjochter en foarsitter Michiel Smit fan de rjochts-radikale partij Nieuw Rechts wie sneon yn Fryslân. Smit brocht ûnder oare in besite oan De Westerein, Kollum en Ljouwert. Hy gong yn petear mei winkeliers en sympatisanten fan syn nije partij.
Michiel Smit makke earder diel út fan de riedsfraksje fan Leefbaar Rotterdam en ûnderhâldt ûnder mear kontakt mei it Vlaams Blok. Nieuw Rechts Fryslân wol aksjefiere tsjin azc's yn de provinsje.