Demonstranten by fleanbasis

26 des 2003 - 00:00

Sa'n fiifentweintich minsken ha freed in mars holden fan de Mennistetsjerke yn Ljouwert nei de fleanbasis. De fredesdemonstranten beaën, ûnder skerp tafersjoch fan de plysje, de offisier fan tsjinst in krystpakket oan.

Mei it krystpakket woene de demonstranten op in ludike wize omtinken freegje foar de sitewaasje yn Irak en de Nederlânske dielname yn it konflikt. De mars waard organisearre troch it Fries Fredesplatform.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)