Mear bedriuwen yn Noardwâlde

26 des 2003 - 00:00

Der komt lang om let romte foar nije bedriuwen yn Noardwâlde. De gemeente Weststellingwerf hat de kâns om it eardere terrein fan transportbedriuw Jan Krediet te keapjen. Dat bedriuw is ferline jier nei Stienwyk ferhuze.

De gemeente woe it terrein al earder keapje, mar Jan Krediet frege dêr tefolle foar. Yn Noardwâlde mei fan de provinsje gjin nij bedriuweterrein komme. In besteand bedriuweterrein opknappe en beskikber hâlde mei wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)