Werle ferslacht Ernst yn Grins

26 des 2003 - 00:00

Skaaktalint Jan Werle út Beetstersweach hat op it Harmonie Skaaktoernoai yn Grins Sipke Ernst fan Damwâld ferslein. Ernst spile ûngelokkich. Hy ferspile in toer, doe't er in hynder fan Werle oer de holle seach en ferlear de partij. Werle stiet no nei fjouwer ronden op it twadde plak mei 2,5 punt en hâldt dêrmei sicht op in grutmasterresultaat.

De Georgiër Gahunashvili giet allinnich oan kop. Sipke Ernst stiet mei oardel punt op in dield sande plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)