Ferwûnen by auto-ûngelokken

25 des 2003 - 00:00

Yn Kollum rekke op krystjûn in frou út Ie ferwûne by in auto-ûngelok. De frou ried tsjin in beam, neidat se útwike moast foar in tsjinlizzer. Se waard troch de brânwacht út har auto helle. Mei ferwûnings oan it gesicht is se oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

By Holwert rekke yn deselde jûn in Amelanner(22) ferwûne by in auto-ûngelok. De man bedarre troch de glêdens fia de berm tsjin in muorke. Hy gie nei it sikehûs yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)