Swartride by Noordned lestiger

25 des 2003 - 00:00

Noordned sil it swartriders fan 1 jannewaris ôf noch lestiger meitsje. En wol mei de saneamde Palmtop. De Palmtop is in lyts kompjûterke, dat fia in mobile tillefoanferbining adresgegevens kontrolearje kin. En dat is handich, want in soad swartriders jouwe falske adresgegevens op.

Meiwurkers fan Noordned trapearje alle dagen wol in stikmannich swartriders. Noordned hat de primeur fan de nije oanpak, de NS is der noch mei dwaande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)