Lêste Kryst Bonifatiuskapel

25 des 2003 - 00:00

Nei 68 jier is der in ein kommen oan de krystfierings yn 'e kapel fan it Bonifatius-hospitaal yn Ljouwert, dat tsjintwurdich offisjeel MCL-Noard hjit. It sikehûs giet ticht en sadwaande ek de kapel. Foar pasjinten en meiwurkers wie de kapel tsientallen jierren in punt fan rêst en treast.

De lêste krystmis yn 'e kapel luts op krystjûn tsientallen minsken. Foar sikehûs en kapel is yntusken al in sloopfergunning oanfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)