Dales wol prate mei Eringa

© Omrop Fryslân
Geert Dales, de takomstich boargemaster fan Ljouwert, wol in 'goed petear' ha mei bûtengewoan trou-amtner Nynke Eringa. It petear soe gean moatte oer de wegering fan Eringa om homoseksuele pearen te trouwen. Dales sei trije jier lyn as wethâlder fan Amsterdam dat alle amtners homo-houliken hearre te sluten.
Eringa hat tasein dat se wol mei Dales prate wol. Dales wol mei in soad Ljouwerters prate om him ta te rieden op it boargemasterskip.