Kant-en-kleare krystmenu's

© Omrop Fryslân
Krysttyd is dit jier wer mear as de ôfrûne jierren in famyljefeest. Neffens in ûndersyk fiere we it krystfeest thús mei famylje en kunde. Dat betsjut dat it krystmiel út de eigen keuken komt.
Fjouwer Fryske toprestaurants ha wat betocht om dochs noch wat te fertsjinjen oan de Krystdagen. Sy binne begûn mei de ferkeap fan kant-en-kleare krystmenu's. It menu hat fjouwer gongen en kin mei in hantlieding thús sûnder al te folle wurk op 'e tafel set wurde.