'Tsjerkeried moat opstappe'

24 des 2003 - 00:00

In groep fan sa'n 20 tsjerkegongers fan de Samen op Weg-tsjerke yn Easterein wol dat alle leden fan de tsjerkeried opstappe. Sy freegje dêrta de stipe fan de oerkeppeljende organen fan de herfoarme en grifformearde tsjerke.

Dy organen ha har noch net útsprutsen oer it konflikt dat de tsjerkeried hie mei dûmny Zijlstra. In pear wike lyn hawwe dy beide partijen in finansjele skikking troffen oer har skeel. Mar foar de groep is dat net foldwaande.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)