Heijermans opfierd yn Jorwert

© Omrop Fryslân
Op Hoop fan Segen fan Herman Heijermans is it stik dat takom simmer opfierd wurde sil yn de notaristún fan Jorwert. Yn it Frysk hyt it 'De fisk wurdt djoer betelle'. It is in ferhaal oer fiskerslju dy't geane en froulju dy't bliuwe. In oangripend relaas dat al mear as in ieu lang yn binnen- en bûtenlân ferteld wurdt.
It stik is foar it iepenloftspul oerset troch Jan Schotanus. De rezjy is op 'e nij yn hannen fan Romke Toering.