Verdonk jout asylsikers útstel

24 des 2003 - 00:00

Gesinnen fan útprosedearre asylsikers wurde foarearst net op strjitte set. Minister Verdonk hat dat nei in ekstra debat mei de Twadde Keamer besletten.

De Feriening Fryske Gemeenten hie yn in earder petear mei de minister al op dy oplossing oantrune, mar de minister woe der neat fan witte, nettsjinsteande in Keamermearderheid foar in moasje om gemeenten mear frijheid te jaan by skrinende gefallen. Tiisdei joech Verdonk dus dochs belies.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)