Fúzje sportferienings Burgum

© Omrop Fryslân
De Burgumer sportferienings SV Burgum en CGV Wardy sille mei yngong fan 1 july takom jier fusearje. Mei 700 leden ûntstiet dan de grutste sportferiening fan Tytsterksteradiel. De ferienings ha al earder besocht gear te wurkjen, mar dat slagge doe net. No sjogge se de needsaak fan in fúzje wol yn.
Hieltyd minder minsken binne lid fan in sportferiening. Boppedat wurde de kosten foar de klubs allinnich mar heger, ûnder oaren troch de sealhier.