Stranger doarbelied De Plankier

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter nachtkafee De Plankier yn de Grutte Heechstrjitte sil tenei alle besikers op wapens ûndersykje. Ofrûne sneon wie dêr in sjitpartij, wêrby't in 18-jierrich famke, dat tafallich yn 'e buert wie, twa kear rekke waard troch in kûgel.
De plysje hat tsien man op de saak set. De skutter wurdt socht yn it sirkwy fan de East-Europeeske maffia. Eigner Meijer hat no syn nocht en sil in stranger tagongsbelied fiere.