Grypepidemy yn Fryslân

23 des 2003 - 00:00

Yn Fryslân hearsket offisjeel in grypepidemy. Mear as fyftjin op 'e 10.000 minsken sitte mei it grypfirus ûnder de lea siik thús. Neffens it Nationaal Influenza Sintrum yn Rotterdam binne op dit stuit de trije noardlike provinsjes it swierst troffen.

De GGD Fryslân seit dat der gjin reden is ta grutte soarch. Goed om de hygiëne tinke en de hân foar de mûle by it hoastjen is it advys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)