Omset bearenburch kelderet

23 des 2003 - 00:00

De ferkeap fan sterke drank foar de feestdagen is ynsakke. Sliters en distillearderijen ferkeapje 10% minder as ferline jier. Redenen binne de minne ekonomy en de hegere aksijnsen. Sa is flesse drank begjin dit jier twa euro djoerder wurden.

Ek de minne ferkeap fan krystpakketten, dêr't faak drank yn sit, soarget foar in mindere omset fan 'jonge kleare', bearenburch en whiskey. Oer Krystpakken moat dit jier belesting betelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)