'Libben yn Noardsee rint gefaar'

© Omrop Fryslân
It fergif yn 'e trije konteners dy't snein yn de Noardsee bedarre binne, ferneatiget alle libben. Neffens stifting De Noordzee bliuwt it spul lang yn de fiedselstring. De trije konteners sloegen dit wykein oerboard en binne noch poater. Fanwege it minne waar kin earst moandei fierder socht wurde. Dat bart mei in spesjale boat.
De stifting fynt dat konteners tenei in stjoerderke krije moatte. Dan binne se maklik werom te finen.