Minder omset fiskôfslach

23 des 2003 - 00:00

De omset fan 'e fiskôfslach fan Lauwerseach is dit jier mei sa'n 12 prosint sakke. Hy kaam 3,5 miljoen euro leger út as yn 2002. Wichtichste oarsaak is de lege priis foar garnalen.

De NMa hat de garnalefiskers hurd oanpakt. Sa mochten der gjin ôfspraken makke wurde oer regulearing fan de fangst. It gefolch wie dat de fiskers safolle fongen as se koene. Dêrtroch giene de prizen bot omleech. Ek ferline jier foel de omset al ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)