Gjin aksje tsjin lûdsoerlêst A32

23 des 2003 - 00:00

It gemeentebestjoer fan Hearrenfean is foarearst net fan doel om maatregels te nimmen tsjin lûdsoerlêst fan de A32 by Oranjewâld. Ut ûndersyk docht bliken dat de sneldyk op dit plak mear leven feroarsaket as de wetlik tastiene 50 desibel. Nachts is de lûdsoerlêst fiif desibel heger as wêr't fanút gien wie.

It bestimmingsplan is fêststeld foar 10 jier. As de ferkearsdrokte tuskentiids feroaret, is dat in risiko dat der by heart, neffens B en W.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)