Jildpine foar Te Plak yn Lekkum

23 des 2003 - 00:00

Servicetsjinst Te Plak yn Lekkum krijt it takom jier dreech om de holle boppe wetter te hâlden. Te Plak soarget foar tsjinsten lykas húshâldlik wurk, oppas foar bern en putsjes om 'e doar.

Mei yngong fan 1 jannewaris driget de subsydzje lykwols op te hâlden. Dat betsjut dat de koördinator en de 12 wurknimmers de 50 klanten net mear helpe kinne. De stichting Hulp en Welzijn Ouderen Ljouwert lient Te Plak no earst 5000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)