Aksje PvdA foar Philips Drachten

23 des 2003 - 00:00

De Fryske PvdA-steatefraksje en de lokale ôfdielings fan de partij yn de regio Drachten wolle in petear mei Philips-topman Kleisterlee. De partij hat in iepen brief skreaun oan Kleisterlee oer de wurkgelegenheid by it Drachtster skearapparatefabryk.

Philips wol op termyn in diel fan de produksje oerbringe nei Sina en dat kostet banen. Neffens Philips is oerpleatsing nedich út it eachpunt fan konkurrinsje mei legere-leanelannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)