Cradle of Filth nei Wâldrock

23 des 2003 - 00:00

Wâldrock hat de earste trije bands foar de edysje fan 2004 al wer fêstlein. It giet om de bands Cradle of Filth, Testament en Canibal Corpse. Wâldrock 2004 wurdt hâlden op sneon 19 juny. Foar de fuotbalfans wurdt der in grut tillevyzjeskerm delset om de EK wedstriid Nederlân-Tsjechië te folgjen.

De trije bands wêrfan wis is dat se spylje op it festival komme út Amearika en Grut-Brittanje. It programma bestiet yn 'e regel út sa'n 14 bands.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)