'Ik, kening Lear' yn premjêre

© Omrop Fryslân
Yn De Harmonie yn Ljouwert is moandei de film 'Ik, kening Lear' yn premjêre gongen. De film giet oer it libben fan Rients Gratama en syn rol as kening Lear yn it teaterstik fan Tryater mei deselde namme.
Sa'n 40.000 minksen seagen it stik Kening Lear, dêr't Jos Thie ôfskie mei naam fan Tryater. Pieter Verhoeff makke in film oer it stik en oer Gratama dy't weromsjocht op syn karjêre. De film is 4 jannewaris op Nederlân 1.