De Jong by Cambuur wei

22 des 2003 - 00:00

De eardere algemien en kommersjeel direkteur Wout de Jong nimt ôfskied fan fuotbalklup Cambuur. De Jong wol syn karjêre yn de sûnenssoarch fierder fuortsette.

De Jong wurke sunt 1999 by Cambuur. It lêste jier wurke hy dêr part-time, mei troch de sanearing by de klup. Boppedat wie de Jong yntusken ek direkteur wurden fan soarchsintrum De Stelp op It Amelân. De Jong bliuwt noch wol gasthear by it saneamde sportkafee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)