Ritsma hopet op skate-off

© Omrop Fryslân
Rintje Ritsma wol syn seizoen rêde fia de skate-off fan ein jannewaris. By dy skate-off, op 24 jannewaris yn Thialf, meie acht riders stride om ien dielnameplak oan de WK. Ritsma kaam it ôfrûne wykein op it NK dúdlik tekoart om himsels te kwalifisearjen foar it Europeesk Kampioenskip.
Ritsma hat in grutte trainingsefterstân troch syn brutsen skonk. Hy waard it ôfrûne wykein njoggende op it NK. "Ik bin op de wei werom", sa sei Ritsma.