Boat Skier lêst fan golfslach

22 des 2003 - 00:00

De lêste fearboat fan Lauwerseach nei Skiermûntseach hat sneintejûn troch it stoarmwaar in pear oeren fertraging oprûn. De boat koe by oankomst op Skiermûntseach fanwege de golfslach net oanlizze. Dêrtroch moasten de ûngefear 60 passazjiers oan board bliuwe.

De weromfeart fan healwei sânen koe doe ek net trochgean. It slagge pas om healwei tsienen de boat oan de wâl te krijen. Yn Lauwerseach wie let op de jûn noch busferfier regele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)