Lêste konsert Twarres yn Wergea

© Omrop Fryslân
Sawat hûndert fans kamen snein nei de lêste fanklub-gearkomste fan it duo Twarres yn kafee 's Lands Welvaren yn Wergea. Doe't Johan en Mirjam fan Twarres kamen, songen de fans harren ta as tank foar de moaie jierren.
Twarres joech sneintejûn it alderlêste konsert yn it âld suvelfabryk fan Wergea. Earder dit jier besleaten Johan en Mirjam om net tegearre fierder te gean. Mirjam sil foarearst allinnich fierder.