Groenewold kampioen, Cramer tred

© Omrop Fryslân
Nei it ferriden fan de fiif kilometer op it NK Allround yn Eindhoven wie it dúdlik: Renate Groenewold is nasjonaal kampioene, mei in tiid fan 7.10,33. Twadde waard Gretha Smit. It tredde plak wie foar Wieteke Cramer fan De Lemmer. Barbara de Loor waard fjirde. Dizze froulju geane nei it EK reedriden yn jannewaris, op it iis fan Thialf.
Annemarie Thomas helle úteinlik it sande plak. It riden wie swier om't de riders lêst hiene fan de wyn en de rein.