ID'ers yn tsjint by Revalidatie

21 des 2003 - 00:00

Tweintich minsken mei in subsidiearre baan by Revalidatie Friesland krije in reguliere baan oanbean. Dat is út it oerlis tusken Revalidatie Friesland en de gemeente Opsterlân kommen. De gemeente jout ien kear 1,1 miljoen euro subsydzje. Revalidatie Friesland is dêrtroch ferplichte om alle minsken mei in ID-baan foar ûnbepaalde tiid yn tsjinst te nimmen. It beteljen fan ID-banen is in probleem om't it ryk dêr bot op besuniget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)