Harkemase Boys winne mei 3-0

© Omrop Fryslân
Mei oanfallend spul wisten de Harkemase Boys sneon de bekerwedstryd tsjin it Grinzer Oranje Nassau te winnen. De sneonsamateurs setten in skoare fan 3-0 del. Ien doelpunt wie wol bysûnder moai. Oan it begjin fan de twadde helte bedarre de bal mear troch gelok as wiisheid yn it doel. It skot wie fan ynfaller Ronnie Nolens.
It tredde doelpunt kaam op namme fan Sander Hartman, út in foarset fan Tony Alberda.