Krystbeammen yn 'e brân stutsen

20 des 2003 - 00:00

De plysje hat sneontemoarn twa jongens oanhâlden dy't yn de Grote Breedstraat yn Dokkum besochten krystbeammen yn de brân te stekken. Sy makken dêrby gebrûk fan flaggen fan winkels yn de buurt.

Tsjûgen giene achter de fertochten oan. In 17-jierrige jonge ferlear dêrby in klomp en koe oanhâlden wurde. Dêrnei koe ek in twadde fertochte pakt wurde. Dat wie in 16-jierrige Dokkumer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)