Show pealdûnsjen Denise súkses

20 des 2003 - 00:00

In 100 nijsgjirrigen kamen freed ôf op it optreden fan Denise Mulder yn kafee Plankier yn Ljouwert. Denise is wrâldkampioen pealdûnsjen en giet by it dûnsjen faak hielendal út de klean.

De show fan Denise is polityk nijs wurden sûnt CDA-riedslid Thea Koster har der mei bemuoit. Frou Koster freget har ôf oft sokke optredens wol thús hearre yn in gewoan kafee. Faaks moatte se beheind wurde ta kafees yn gebieten mei prostitúsje, lykas de Weaze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)