Wieteke Cramer wint 500 meter

20 des 2003 - 00:00

Op it NK Allround yn Eindhoven hat Wieteke Cramer ferrassend de 500 meter wûn. De Lemster wie mei in baanrekord fan 40,67 fierwei de rapste. Oant no ta hie Cramer mear namme as lange ôfstânsrydster. Annemarie Thomas einige mei 41,16 as twadde.

Op de 3000 meter helle Cramer it tredde plak. Gretha Smit wûn dy ôfstân yn in tiid fan 4,15.13. Annemarie Thomas helle it njoggende plak op de 3000 meter en stiet fjirde yn it klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)