Op 'e nij ferlies foar Cambuur

20 des 2003 - 00:00

Cambuur koe freed net foar in ferrassing soargje thús tsjin Sparta. De Ljouwerters ferlearen mei 1-2 fan de nûmer trije út de earste divyzje. In lykspul hie fertsjinne west. It iennige doelpunt kaam fan Siberie.

It bestjoer fan Cambuur hat it kontrakt mei trainer Dick de Boer en syn assistint Jan Schulting mei in jier ferlingd. Johan Groote lykwols, trainer fan de beloften en al 14 jier by Cambuur, kin omsjen nei in oare club.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)