Dales beneamd boargemaster

19 des 2003 - 00:00

De Amsterdamse wethâlder Geert Dales wurdt definityf de nije boargemaster fan Ljouwert. It kabinet hat freed de foardracht fan de 51-jierrige Dales oernommen. Hy folget Magreeth de Boer op dy't op 1 maaie mei pensioen giet.

De VVD-er Dales is sûnt 2000 wethâlder yn Amsterdam. Hy waard dizze wike noch troch Amsterdamske 'opinion leaders' útroppen te bêste wethâlder fan de haadstêd. Dales wie ek foarsitter fan de Amsterdamse VVD-fraksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)