Terpstra yn 'top 25 macht'

19 des 2003 - 00:00

Doekle Terpstra stiet neffens it KRO-programma yn de top 25 fan de machtichste minsken yn Nederlân. Terpstra, foarsitter fan it CNV en lid fan de SER, stiet op it 21ste plak.

Net alhiel ferrassend stiet premier Balkenende op 1, folge troch minister Zalm en keningin Beatrix. Opfallend is it plak fan âld-kommissaris Wiegel. Hy stiet op it santjinde plak, noch foar minister De Geus en âld-premier Kok. De keningin is de iennige frou yn de rige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)