Ritsma start op NK Allround

19 des 2003 - 00:00

Rintje Ritsma sil dit wykein gewoan meidwaan oan de Nederlânske Kampioenskippen allround. Ritsma koe de lêste wiken goed traine en hat freed noch in alderlêste test dien. Dy gie nei tefredenheid.

De Lemster bruts yn 'e simmer syn skonk krekt boppe de ankel. Hy die earder noch wol mei oan de NK ôfstannen, mar letter gie it wer minder. De bêste fjouwer fan it NK Allround pleatse har foar it EK allround op it Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)