Winst Essent Snits yn beker

19 des 2003 - 00:00

De folleybal-froulju fan Essent Snits hawwe tongersdei yn de achtste finales om de beker de thúswedstriid tsjin Martinus mei 2-3 wûn. De setstannen wiene 25-23, 17-25, 19-25, 25-23 en 15-7.

De returnwedstriid is 14 jannewaris yn Amstelveen. Troch de winst meitsje de Snitsers kâns op kwartfinale. Yn de kompetysje giet it net sa goed mei Snits. Healwei it seizoen stiet de ploech op it njoggende plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)