Jild foar ROM-projekt SE-Fryslân

19 des 2003 - 00:00

De kommende 4 jier wurdt 13 miljoen euro útlutsen foar lânbou, natuer en lânskip yn de Súdeasthoeke fan Fryslân. De saneamde stjoergroep ROM-Súdeast- Fryslân hat foar 2004-2007 in tal aktiviteiten fêststeld dy't bygelyks de duorsume lânbou fersterkje moatte.

Sa sille boeren en fûgelwachten de kommende jierren mei elkoar oan greidefûgelbehear dwaan. De boeren krije dêr in fergoeding foar. De helte komt fan it Ryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)