Subsydzje taal en kultuer rêden

18 des 2003 - 00:00

De begruttingspost taal en kultuer is woansdei troch provinsjale steaten rêden. Deputearre Steaten woene hjir in tredde part op besunigje, mar dy maatregel is fan 'e baan op oantrunen fan ûnder oaren de FNP.

Gefolch fan dit beslút is dat Fryske organisaasjes as it Skriuwersbûn en de Rie fan 'e Fryske Beweging har subsydzje hâlde. De ôfrûne wiken hat aksjegroep 'Te Mâl' wakker protestearre tsjin benammen dizze maatregel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)