Bou Ekopark duorret langer

18 des 2003 - 00:00

It Ekopark by Appelskea rint flinke fertraging op. De plannen foar it miljeufreonlike bedriuwepark binne goed in jier lyn presintearre. Der is noch net begûn mei it wurk. Neffens de inisjatyfnimmers leit dat oan de provinsje.

It terrein moat 26 hektare wurde. De provinsje fynt fiif grut genôch. By de presintaasje hienen in soad bedriuwen belangstelling. Mar troch de fertraging is al ien bedriuw ôfheakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)