Aksje tsjin nij yndustryterrein

18 des 2003 - 00:00

Doarpen oan de westkant fan Ljouwert binne tsjin útwreiding fan de stêd. De gemeente wol westlik fan de Algrawei in nij yndustryterrein ha. De ynwenners fan de doarpen wolle dat it gebiet greide bliuwt. Neffens har is it in moai rekreaasjegebiet dat ek foar fûgels belangryk is.

Der binne al 800 hantekens tsjin it yndustryterrein sammele. Dy binne tongersdei oanbean oan wethâlder Waanders fan de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)