Fiskersmonumint op Koehoal

18 des 2003 - 00:00

In libbensgrutte fisker mei in koer op de rêch. Dat byld komt op Koehoal by Tsjummearum. It fiskersmonumint wurdt lytser as pland om't der te min jild is foar in groep mei bylden. Der is ek gjin tiid mear om mear jild by elkoar te krijen. Keunstner Jan Ram moat gau begjinne om't oars guon subsydzjes ferfalle.

It byld is in oantinken oan de mienskip fan hjerringfiskers by Tsjummearum. Takom hjerst wurdt it byld ûntbleate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)