Gemeenten tsjin belied Verdonk

18 des 2003 - 00:00

Fryske gemeenten sille gjin útprosedearre asylsikers op strjitte sette. Dat ha de gemeenten woansdei mei inoar ôfpraat. Hjirmei wol Fryslân him fersette tsjin it útsetbelied fan minister Verdonk fan Frjemdlingesaken.

Ek oare provinsjes wolle net mear meiwurkje oan útsettingen. Ek it CDA yn de Twadde Keamer tinkt der sa oer. De Fryske gemeenten fine it belied fan Verdonk ynhumaan. De útprosedearre asylsikers kinne faak nergens terjochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)