Frou út Snits fermist

© Omrop Fryslân
De 40-jierrige Rinskje de Boer fan Snits is al sûnt 12 desimber fermist. Rinskje is 1.70 lang, hat donker koart kroljend hier en blauwe eagen. Se hat in noasbel en in tatoeaazje fan in earn (adelaar) op it skouder.
Se hat brune klean mei berchskuon oan. Rinskje is yn 'e war en kin agressyf wurde of yn in psychoaze reitsje. Se hat ferlet fan medisinen. Minsken dy't mear wite, kinne belje mei de plysje op nûmer 0900 - 8844.